×
Corrigir

Sjouk Fan Longerhou

Willehúske

Yn Longerhou dêr wennet in faam,
dy’t opnimt tsjin de sinne
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by dy faam allinne

Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou

It ljocht, de wyn, de blommen har geur,
dy bin’ oan har besibbe
O, fûgels bring myn wurden har oer,
hja is myn doel yn ’t libben

Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou

In spylman biedt jim net folle oars,
as lûden dy’t fersilje
Mar ik krij myn kâns as ’k aanst yn it doarp
oan har doar fol ferwachting skilje

Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
Want nea noch seach ik eagen sa klear,
as by Sjouk fan Longerhou






Mais tocadas

Ouvir Willehúske Ouvir